WK Keatsen 2012

  • WK keatsen 2012

It wrâldkampioenskip keatsen wurdt dit jier yn Nederlân hâlden. En wêr oars as yn Frjentsjer; it Mekka fan de keatssport. Ut hiel Europa en Súd-Amearika komme keatsers nei Fryslân ta om it yn ferskate spulsoarten tsjin elkoar op te nimmen. Omrop Fryslân docht wiidweidich ferslach fan it evenemint op radio en televyzje en op Omroplive.nl mei in live programma fan KNKB TV.

Oan it WK keatsen dogge de nasjonale teams fan 17 lannen mei. Dy teams komme út yn fjouwer ferskillende spulsoarten: Llargues (in soarte fan Jeu de Pelote mei 5 spilers), ynternasjonaal spul (in soarte fan follybal sûnder net en mei 5 spilers), muorrekeatsen (One Wall Handball - op dit WK mei 2 spilers) en yn de keatsfariant dy’t spile wurdt yn it lân dêr’t it WK hâlden wurdt. Diskear is der dus ek in toernoai yn it Fryske spul.

Foar it earst dogge ek froulju mei oan in wrâldkampioenskip. Sy spylje in toernoai muorrekeatsen en in toernoai Frysk keatsen. De regearjende wrâldkampioenen - sûnt 2008 - binne: Nederlân (Llargues), België (ynternasjonaal spul) en Meksiko (muorrekeatsen). Soene dy it dit WK ek wer winne? En soe it Nederlânske team it Fryske spul winne of soene der ek oare lannen hiel betûft blike yn dizze foarm fan it keatsen?

Op de ynternetstjoerder Omroplive.nl is it evenemint fan moandei 27 augustus ôf de hiele wike te folgjen mei in live programma fan 15:00 oere ôf en op sneon 1 septimber fan 12:00 oere ôf. Dat programma wurdt yn Frjentsjer op lokaasje makke troch KNKB TV (fan It Keninklike Nederlânske Keatsbûn). Op Omrop Fryslân Radio en Televyzje binne de hiele wike fansels ek ynterviews en reportaazjes fan ús eigen programmamakkers te hearren en te sjen oer it WK keatsen.

Moandei 27 augustus o/m freed 31 augustus fan 15:00 oere ôf en sneon 1 septimber fan 12:00 oere ôf op Omroplive.nl en ek reportaazjes op radio en televyzje.

www.omroplive.nl

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)