Weistra op wei fan 9 augustus 2016 16:00

De Lord of the Rings, of yntusken miskyn wol the drinks. Yuri van Gelder, ek Harm Weistra kin der hjoed net omhinne yn 'Weistra op wei'. Turner Michel Bletterman jout in reaksje op de misstap dy't syn kollega-turner begie, en we prate deroer mei turncoach Tjalling van den Berg. Hie dit foarkommen wurde kind, en wat binne de gefolgen foar de oare turners?

En wisten jo dat der in skûtsje yn Afrika is? De Roerdomp, it lêste skûtsje dat boud is op de werf Buitenstvallaat, skynt yn Afrika bedarre te wêzen. Frits Jansen fan de stichting Foar de Neiteam besiket dit, en tal fan oare skûtsjes op te spoaren. Op de rêstdei fan it skûtsjesilen, steane we even stil by de histoarje fan dizze mânske skippen.

Fierders praat ferslachjouwer Roelof de Vries, fan syn bank thús, ús by oer de Olympyske Spelen yn Rio. Jûn komme de Fryske silers Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma yn aksje. Tichterby hûs, op de Snitser Mar, wurdt ek syld want it is Snitswike. Gerlof van der Werf fertelt hoe't it dêr hjoed gie. En fansels is de kemper ek op 'en paad, hjoed binne se krekt even oer de grins gien.

16:07 - Glenn Frey - The Heat Is On
16:13 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
16:19 - Ten Sharp - You
16:41 - Bricquebec - Dyn Stapke
16:48 - James Morrison - Demons
17:07 - Tom Jones & Mousse T. - Sex Bomb
17:15 - Sytse Haima - Hald Dyn Hannen Thus
17:22 - Elvin Bishop & Mickey Thomas - Fooled Around And Fell In Love
17:38 - Bellini - Samba De Janeiro
17:45 - Walking On Cars - Speeding Cars
17:53 - Queen & David Bowie - Under Pressure

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)