Weistra op wei fan 9 april 2015 16:00

Yn Weistra op Wei prate we mei Gea Akkerman, wethâlder fan Súdwest- Fryslân. Minister Henk Kamp wachtet it ûndersyk fan de gemeente, nei de helberens fan wynmûnen lâns de Ofslútdyk, net ôf. Súdwest hie de minister frege te wachtsjen op de útkomsten fan in eigen ûndersyk. Mar neffens Kamp is langer wachtsje en diskusearje gjin opsje. Hy tinkt dat dat jierren fertraging opsmyt. En dus set hy syn plan om wynmûnen yn de Iselmar te pleatsen troch. De gemeente is dêr swier teloarsteld oer.

Ek binne we by in gearkomste oer boaiemdelgong troch sâltwinning yn Noardwest-Fryslân. Der moatte ekstra maatregels komme om de skea te ferhelpen. De boaiem by sâltwinputten giet mei sa'n 3 sentimeter mear omleech. Wat de ekstra maatregels binne, makket de bestjoerskommisje Frjentsjeradiel/Harns bekend yn doarpshûs It Waed yn Seisbierrum. Ús ferslachjouwer is der by.

Fierder in persoanlik petear mei Herman van der Meer. Hy ried jierrenlang alle dagen mei in bus fol senioren klean lâns fersoargingshûzen. Hy gie del by sa'n tachtich ferskillende adressen om de klean te ferkeapjen. No is Van der Meer mode út Surhústerfean fallyt. In persoanlik drama foar Van der Meer.

Ferslachjouwer Willem de Vries is yn Romein. Dêr trede jûn De Deeldeliers op. Willem sjocht mei Jules Deelder en Bas van Lier foarút op it optreden.

16:09 - Christine And The Queens - Christine
16:17 - Agnes Sambrink - Do Bist
16:39 - Maroon 5 - Animals
16:48 - Enrique Iglesias - Bailamos
16:55 - Elske Dewall - Stains On My Heart
17:09 - Dennis - Today
17:36 - Toto - Hold The Line
17:47 - Echosmith - Cool Kids
17:50 - Madness - Our House

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)