Weistra op wei fan 8 maaie 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Fan 'e middei yn Weistra op wei fertelle Femke de Walle en Jaring de Groot oer 'Fit mei Femke': in nije Frysktalige hurdrintraing. Trettjin wiken lang komt alle wiken in trainingspodcast online te stean. De podcasts wurde yn it Frysk ynsprutsen troch Femke de Walle. Doel is dat dielnimmers oan de ein fan de training 5 kilometer drave kinne en meidogge oan de Simmer yn Fryslân-loop op 13 septimber yn Burgum. Njonken de podcasts, dy't fan heal juny ôf beskikber komme yn de apps en de webside, jout Omrop-redakteur en hurdrincoach Jaring de Groot ekstra tips oer bygelyks fieding, klean en sykheljen.

Fierder in petear mei hurdfytser Pieter Weening. Dy fytst moarn mei yn de Giro d'Italia. Krekt as de ôfrûne jierren sil de hurdfytser besykje in etappe te winnen. Syn ploech Orica-GreenEdge hat net in kopman, dêr't se foar ride moatte. Dêrtroch krijt Weening de kâns syn etappes út te kiezen en foar de winst te gean. Sportredakteur Roelof de Vries sjocht mei Weening foarút op de Ronde fan Italië.

En ta beslút fansels it lêste Fryske nijs, ferslachjouwers op lokaasje en de moaiste muzyk yn Weistra op wei.

Festival 316 begjint sneon yn Oerterp. Ferslachjouwer Eduard Rekker seach alfêst foarút

16:09 - Maroon 5 - Sugar
16:18 - Piter Wilkens - Kening Fan 'e Greide
16:37 - Capital Cities - Safe And Sound
16:48 - Iggy Pop - Candy
17:08 - Racoon - Guilty
17:18 - Vangrail - Te Veel Voor Mij
17:37 - El Debarge - Who's Johnny
17:52 - Inxs - Disappear

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)