Weistra op wei fan 8 july 2015 16:00

Reedrider Douwe de Vries fan It Hearrenfean is juster operearre oan syn skouderbonke. Dy hat er it ôfrûne wykein brutsen by in falpartij. De Vries die mei oan in fytstocht yn Frankryk. Wy belje efkes mei him om te hearren hoe't it no giet.

Fierder fertelt wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel oer it lytse tal Fryske fairtrade gemeenten. Sûnt juster mei ek de gemeente Súdwest-Fryslân him offisjeel Fairtrade gemeente neame. Dat betsjut dat de gemeente him ferbûn hat oan earlike hannel, fairtrade. Dit betsjut konkreet dat se earlike produkten keapje en dit ek promoatsje by ynwenners en ûndernimmers. Opteld hat Fryslân no seis fairtrade gemeenten, wylst de doelstelling is om alle Fryske gemeenten oan fairtrade te krijen.

En wy hawwe op besite west by Jetske Weijma-Keulen. Sy wurdt moarn 80 jier en is dêrmei nei alle gedachten de âldste-kampinghâldster fan Nederlân. Mei har man runt se minykamping Kippenburg oan de Luts by Aldemardum.

Houkje Rijpstra

16:08 - Normaal & Rowwen Heze - Gries
16:17 - Journey - Don't Stop Believin'
16:37 - Pitbull Ft. John Ryan - Fireball
16:48 - Jack Johnson - Sitting, Waiting, Wishing
16:55 - Michel Fugain & Le Big Bazar - Le Printemps
17:08 - Alicia Keys - Empire State Of Mind (Part Ii) Broken Down
17:17 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
17:25 - Kenny B - Parijs
17:36 - Mr. Probz - Waves (Robin Schulz Radio Edit)
17:45 - Wayne Wade - Lady
17:53 - Herman's Hermits - No Milk Today

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)