Weistra op wei fan 7 oktober 2016 16:00

André Cats fan Drachten is beneamd as technysk direkteur fan it swimbûn KNZB. It is in soarte fan comeback by it bûn, earder wurke er der ek al foar. Cats krijt hiel wat foar de kiezzen: it swimbûn wurdt werstrukturearre, der binne de lêste tiid frijwat bestjoerders opstapt, èn der moatte medaljes wûn wurde. Yn Weistra op wei in petear mei Cats.

It boek fan de wrâldferneamde skriuwer Paulo Coelho oer Mata Hari, "De Spion", is oerset yn it Frysk. It earste eksimplaar fan dat boek wurdt fan 'e middei presintearre. Fierder -fêste prik op freed- de juridyske rubryk fan advokaat Bart Canoy, "nijs" fan De Bûtenpost troch Bart Kingma, èn we ha wer kontakt mei ús ferslachjouwer Gerrit de Boer yn Nepal.

16:07 - Human League - Don't You Want Me
16:14 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
16:40 - Krijn - Zo Is Het Leven
16:50 - R. City (Ft. Adam Levine) - Locked Away
17:08 - Cher - Believe
17:19 - Jan Nota - Ding Neamd Leafde
17:37 - Coldplay - A Sky Full Of Stars

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)