Weistra op wei fan 7 desimber 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed komt Tamara van den Berg út Harns nei de studio. Sy makke ferline jier in dokumintêre oer de reis fan twa jongeren op De Wylde Swan. Mei dit skip fearen de jongeren yn in pear wiken tiid fan Tenerife nei de Caribbean. En dat is in grutte stap as je 16 jier binne. Wiken sûnder heit en mem, wachttsjinsten draaie en ek noch ûnderwiis folgje. En dat allegear op in skip. Tamara makke in portret fan twa reizgers. De doku is yn fjouwer dielen te sjen as rige yn Bynt.

Fierder prate wy mei Marc van Gulick fan restaurant Heeren van Harinxma fan Lauswolt yn Beetstersweach. Nei tsien jier hat er de Michelinstjer wer werom. Reden foar bliidskip, by it hiele team yn Lauswolt.

En Gesina Goudberg, de winner fan Tafel 18, sil mei minimale middels in hearlike miel siede. Dit docht sy yn it mediakafee fan Omrop Fryslân. Wy binne benijd wat se foar ús klearmeitsje sil...

Tamara van den Berg

Marc van Gulick

16:08 - Midnight Oil - Beds Are Burning
16:18 - Shawn Mendes - Stitches
16:38 - Ernst Langhout - Harlekyn
16:49 - Avicii - Addicted To You

17:09 - Jennifer Paige - Crush
17:17 - Omi - Hula Hoop
17:36 - Gilbert O'sullivan - Matrimony
17:45 - Agnes Sambrink - Loosen The Reins
17:49 - Harpo - Moviestar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)