Weistra op wei fan 6 oktober 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden
  • Harm Weistra

Klaas Haijtema mei syn hannen tichtknipe mei de lege straf dy't er hjoed krigen hat yn Myanmar. Dat seit Paul van der Velde, heechlearaar Aziatyske stúdzjes oan de Radboud Universiteit yn Nijmegen. Neffens dizze kenner fan it boeddhisme hat Haijtema sa'n relatyf lege straf krigen om't de regearing it opkommende toerisme yn it lân net yn gefaar bringe wol. Yn Weistra op wei in gesprek mei Van der Velde.
De affêre mei de kankerferwekkende kerrels yn keunstgers makket in soad los. Alden fan fuotballerkes helje de bern fan de klup, en der binne sels al ferienings dy't trenings en wedstriden foarearst ôfsizze. Yn Weistra op wei in gesprek mei Johan Rombout, hy is trener by SC Franeker, hy hellet -mei pine yn it hert- syn soannen ek fan fuotbal. Sûnens boppe alles, al docht it sear.

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, we binne by de presintaasje fan in boek oer "Achterlik Fryslân", èn der kin wer stimd wurde op de plaat dy't It Slotstik wurde moat.

16:06 - Crowded House - Don't Dream It's Over
16:16 - Dua Lipa - Be The One
16:21 - Alanis Morissette - Ironic
16:39 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
16:49 - Magic - Rude
17:08 - Natalie Imbruglia - Torn
17:17 - Grytz & Grize - Sei Age
17:38 - Taylor Swift - Shake It Off
17:42 - Dotan - Shadow Wind
17:54 - Hollies - Bus Stop

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)