Weistra op wei fan 6 maart 2015 16:00

Hjoed yn Weistra op wei in diskusje oer de provinsjale opsinten. Fryslân is nei Súd-Hollân de provinsje mei de heechste provinsjale belesting. De VVD wol eins wol fan dy belesting ôf. De PvdA net. Klaas Kielstra en Hetty Jansen gean yn debat.

By de âlden fan sa'n 130 bern út Berltsum en omkriten - dy't op op skoalle sitte op de Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer - kin hjoed de flagge út. Want sy hoege winters net langer alle dagen mei in oanhingwein of pickup fol mei fytsen hinne en wer te riden. It nijs fan hjoed is nammentlik dat der yn de winter in busline komt fan Berltsum nei Frjentsjer. Harm bellet mei direkteur Teo de Groot fan de AMS.

Fierder is ferslachjouwer Dirk Baron by de beurs Huis en Tuin yn it WTC Expo yn Ljouwert en ferslachjouwer Gerrit de Boer fertelt oer de lêste dei fan de rjochtsaak tsjin it 'gangsterduo' Van der P. fan De Harkema en syn freondinne.

16:08 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
16:17 - Noel Gallagher High Flying Birds - Ballad Of The Mighty I
16:25 - Tjerk Bootsma Trio - Simmerfragen
16:40 - John Mayer - Wildfire
16:53 - Alphaville - Forever Young
17:08 - Omi - Cheerleader
17:17 - Nelly Furtado - Say It Right
17:26 - Blondie - Denis
17:39 - De Kast - Helende Liefde
17:50 - Nena - 99 Luftballons

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)