Weistra op wei fan 6 juny 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

De ynwenners fan Switserlân wienen der juster op tsjin, mar Ljouwert wol it mooglik dochs besykje: it basisynkommen. Oft je no wurkje of net, elk hat rjocht op in fêst ynkommen. Nije wike wurdt yn de haadstêd in debat oer dit ûnderwerp hâlden. Richard Hoekstra fan de PvdA yn Ljouwert is pleitbesoarger, hy fertelt yn Weistra op Wei werom.
Jos Debreczeny wie jierrenlang wurksem by de plysje. Dy kaam ferline wike yn it nijs troch de saneamde "etnyske profilearring", doe't de rapper Typhoon oanhâlden waard yn syn sjike auto. It is foar Debreczeny it safolste foarbyld hoe't "gewoane" plysjes ferantwurdelik hâlden wurde foar belied dat troch hegerhân betocht wurdt. Hy wol dan ek in lâns brekke foar syn âld-kollega's, en docht dat yn Weistra op Wei.
Fierder omtinken foar it jubileum fan de fuotbalferiening yn Minnertsgea -en hoe hâlde lytse klups de holle boppe wetter? Dat, mei it lêste Fryske nijs, it Slotstik en it waar mei Piet Paulusma, fan 16:00 oant 18:00, yn Weistra op Wei.

16:06 - O.M.D. - Forever Live And Die
16:15 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
16:24 - Otis Redding - The Dock Of The Bay (Sittin' On)
16:42 - Cajun Beano - Abe
16:52 - Maroon 5 - Sugar
17:07 - Phil Collins - Dance Into The Light
17:16 - Justin Bieber - Sorry
17:33 - Stevie Wonder - Superstition
17:46 - Blue (Ft. Elton John) - Sorry Seems To Be The Hardest Word
17:51 - Abba - Fernando

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)