Weistra op wei fan 6 july 2016 16:00

De FNP makket him, nei de Brexit fan it Feriene Keninkryk, soargen oer de posysje fan Nederlân yn de EU. Nederlân, en seker Fryslân, hat in soad belang by de Europeeske Uny. In eventueel referindum yn ús lân, lit stean in úttreding fan Nederlân út de EU, soe grutte gefolgen hawwe foar Fryslân. De FNP sil yn dat gefal dan ek fûleinich kampanjefiere om yn de EU te bliuwen, sa fertelt FNP-er Sybren Posthumus fan 'e middei yn Weistra op wei.

Dan belibbet boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel hjoed in bysûndere dei: de berging fan de delstoarte Switserske strieljager by Bitgum fynt hjoed plak. De hiele affêre hat in protte wurk foar Van Mourik betsjutten, yn Weistra op wei docht de boargemaster syn ferhaal.

Fierder jout Soli Brass moarn in konsert yn De Blokhúspoarte yn Ljouwert, giet It Slotstik oer fytsen, en ha we fansels it lêste Fryske nijs foar jo.

16:08 - Billy Ocean - Get Outta My Dreams, Get Into My Car
16:15 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
16:25 - Erma Franklin - Piece Of My Heart
16:38 - Reboelje - It Fromme Folk
16:47 - Capital Cities - Safe And Sound
16:51 - John Bon Jovi - Midnight In Chelsea
17:07 - Incognito (Ft. Jocelyn Brown) - Always There
17:16 - Pyn - My Baby
17:24 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
17:40 - Doobie Brothers - The Doctor
17:49 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
17:52 - Boudewijn De Groot - Jimmy

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)