Weistra op wei fan 4 maaie 2015 16:00

Jûn om acht oere binne we wer twa minuten stil. Mar hoe belangryk fine we de deadebetinking noch? En moat de klam fan de betinking wol op de Twadde Wrâldoarloch lizze? Lennie Bronsfeld siket it út, en we hearre ek in reaksje fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma.

Mei Eric Ennema sjogge we foarút op de betinking jûn yn Ljouwert. Dy wie oare jierren yn de Prinsetún, mar dit jier is er foar it earst wer op it Wilhelminaplein. René Koster is op it algemiene begraafplak yn Frjentsjer, dêr't om in oer as fjouwer blommen lein wurde.

En âld-skipper Anne Tjerkstra hat acht jier lang wurke oan in skildering fan goed 80 skûtsjeskippers, op in âld fok fan it Statejacht. Op dit stuit hinget it seildoek noch te droegjen. Anne Tjerkstra komt by ús yn de studio om út te lizzen wêrom't er oan dizze meunsterklus begûn is.

Ald-skipper Anne Tjerkstra

16:08 - Mark Ronson Ft Bruno Mars - Uptown Funk
16:18 - Hozier - From Eden
16:40 - George Ezra - Cassy O'
16:49 - Amy Macdonald - Pride
17:08 - Alphabeat - Fascination
17:19 - Lost Frequencies - Are You With Me
17:37 - Nena - 99 Luftballons
17:51 - Iris Kroes - I Still Cry (Audio Van De Herdenking)_1-2

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)