Weistra op wei fan 4 febrewaris 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Help by selsdeading by minsken dy't fine dat har libben "voltooid" is bliuwt strafber. Dat stiet yn in advys dat in kommisje fan wizen oan minister Schippers hjoed oanbean hat. De Nederlandse Vereniging voor Vrijwillige Euthanasie (NVVE) - oait oprjochte yn Fryslân - is it hjir net mei iens. Dy fynt it feit dat allinne medyske klachten reden wêze meie ta eutanasy fierstente beheind. Yn Weistra op wei leit NVVE-direkteur Robert Schurink út werom't er dat fynt.
Fyftich jier binne se dit jier troud: Evert en Tjitske Dykstra fan Appelskea. It troufeest like fierd wurde te moatten sûnder de orzjinele trouring, want dy rekke jierren lyn kwyt. Oant in man mei in metaaldetektor by Giethoorn de ring fûn. Yn Weistra op wei it folsleine ferhaal.
Dat, mei it Slotstik en it lêste Fryske nijs, yn Weistra op wei.

16:09 - Diana Ross - My Old Piano
16:17 - Vangrail - Heerlijke Heerlijkheid
16:40 - Swiet & Bjuster - In Joene Yn Grins
16:48 - Avicii - Addicted To You
16:56 - Rolling Stones - Out Of Time
17:09 - Ace Of Base - All That She Wants
17:16 - Sam Hunt - Take Your Time
17:36 - Gladys Knight & The Pips - Baby Don't Change Your Mind
17:44 - Senna Black - When You Lose Someone
17:51 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)