Weistra op wei fan 4 desimber 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Kollega's fan reedrydster Thijsje Oenema sille har it kommend wykein tidens de World Cup-wedstriden yn Inzell stypje. Mei in pearse earmbân en dêrop in spesjaal teken wolle se oandacht freegje foar Thijsje, dy't ferline wike bekend makke dat se kanker hat. Yn Weistra op Wei in gesprek mei Thijsje's teammanager, Kathy Marijnissen, oer dit bysûndere inisjatyf.
Wa't foar de rjochter ferskine moat, krijt fan de rjochtbank yn 'e regel in datum foar sa'n sitting. Faak wurket dat net: de dagvaarding komt net oan, in eventuele adfokaat kin op dat tiidstip net, it is tige omslachtich allegear. Fandêr dat der no in plan leit om boargers sels har rjochtsaak yn te plannen. De Ljouwerter strafrjochtadfokaat Tjalling van der Goot jout syn miening.
Fierder binne we by in ynformaasjebus dy't tips jout oer it foarkommen fan wenninynbraken, we bringe it lêste Fryske nijs, en yn it Slotstik stiet Sinteklaas sintraal.

16:09 - Abc - When Smokey Sings
16:16 - Sam Hunt - Take Your Time
16:42 - Folkert-Hans - Cha Cha Cha
16:51 - Nielson - Sexy Als Ik Dans
17:10 - Cardigans - Carnival
17:18 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
17:40 - Bee Gees - Stayin' Alive (Single Version)
17:50 - Kinderen Voor Kinderen - Ik Ben Toch Zeker Sinterklaas Niet

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)