Weistra op wei fan 31 oktober 2016 16:00

It tal âlderen dat nei in falpartij komt te ferstjerren is yn tsien jier tiid ferdûbbele, en dat tal sil de kommende jierren allinnich mar tanimme, sa sizze saakkundigen. Dat liket heaks te stean op alle fal-previnsje-kursussen dy't al jierren, ek yn Fryslân, jûn wurde. In pear oarsaken fan dy ûngelokken lizze foar de hân: de fergrizing, en it feit dat we langer selsstannich thús wenje. Mar der is mear oan de hân, sa fertelt Miranda Veenstra fan de gemeente Súdwest-Fryslân fan 'e middei yn Weistra op wei.

Dan kaam hjoed it nijs dat de bekende arsjitekt Gunnar Daan fan 't wykein op 77-jierrige leeftid ferstoarn is. Syn kollega-arsjitekt Rein Hofstra fan Grou hellet herinnerings oan him op. "Gunnar wie en bleau kritysk", seit er.

De Partij voor de Dieren wol dat alle dieretunen ticht gean. Hoe falt sa'n plan yn AquaZoo by Ljouwert? Ferslachjouwer René Koster giet op ûndersyk út.

Dat, mei it waar, it lêste Fryske nijs, en It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:07 - Greg Kihn Band - Jeopardy
16:14 - Charlie Puth (Ft. Selena Gomez) - We Don't Talk Anymore
16:22 - Nat 'king' Cole & Natalie Cole - Unforgettable
16:35 - Vangrail - Stjoerleas
16:44 - Stromae - Tous Les Memes
16:52 - Elvis Presley - Jailhouse Rock
16:54 - Avicii - Addicted To You
17:07 - Madonna - Vogue
17:16 - Jack Bottleneck - Shoulda' Known Better
17:38 - Clean Bandit (Ft. Jess Glynne) - Rather Be
17:47 - Dotan - Shadow Wind
17:52 - Ray Parker Jr. - Ghostbusters

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)