Weistra op wei fan 30 septimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Nederlânske bern ite net sûn. Teminsten, dat docht bliken út resint ûndersyk. Minder as ien prosint yt foldwaande griente en minder as fiif prosint yt foldwaande fruit. En ien op de tsien bern hat oergewicht. Dêr moat wat oan dien wurde, fynt it kabinet. Dêrom wurdt der 6 miljoen euro beskikber steld om bern te learen om goed mei iten om te gean. En dit begjint op skoallen. Skoallen kinne fan dat jild lespakketten oer sûn iten krije. Yn de studio skoot Titia Boomgaardt oan, direktrise fan de Willem Alexanderskoalle yn Ljouwert. Op dy skoalle wurdt al in protte dien om bern bewust te meitsjen fan sûn iten.

Yn it Fryske nijs omtinken foar de wrakstikken fan twa dûkboaten by Skiermûntseach, it grutte ûngelok op de A7 en de oerfal op in coffeeshop yn Wolvegea.

Ferslachjouwer René Koster is by de Stellingwerver Business Contactdagen, advokaat Bart Canoy behannelet de saak fan de Fries dy't fêst sit yn Myanmar foar hillichskeining en Bart Kingma jout syn satiryske fisy op it nijs. En.. je kinne fansels wer stimme op It Slotstik.

16:08 - Jam - A Town Called Malice
16:16 - Timeflies - Once In A While
16:39 - Vanessa Paradis - Be My Baby
16:53 - Syb Vd Ploeg & Piter Wilkens - Jou It Troch

17:07 - Moloko - Sing It Back
17:18 - Mariusz & De Muzikanten - Langjend Nei Dy
17:42 - Rolling Stones - Miss You
17:53 - Neil Young - Old Man

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)