Weistra op wei fan 30 juny 2015 16:00

Alle learlingen yn it fuortset ûnderwiis krije fan takom jier ôf te meitsjen mei de rekkentoets. It is in fak dêr't je op sakje kinne foar it eineksamen. Krekt dat ferplichte karakter jaget de tsjinstanners yn 'e gerdinen. Op CSG Liudger yn Drachten dogge se al in skoft mei oan in proef mei de rekkentoets, Peter van der Peppel fan dy skoalle fertelt hoe't dat dêr giet.

De Grote Dorus is it draaioargel fan Wolvegea. Finansjeel sit de groep dy't it âlde oargel beheart op roazen, en neat stiet in súksesfol jubileum yn 2018 yn de wei. Sa liket it alteast, want der is in grut tekoart oan frijwilligers.

Ek yn Weistra op wei in petear mei Eus de Groot út Harns. Hy sit mei in groep biologen op it stuit op it eilantsje Gryn yn de Waadsee. De biologen telle de fûgels, Eus genietet fan de stilte en it ljocht, sawol oerdeis as nachts. "It is hjir tsjusterder as op de Boschplaat", seit er, en dat natuergebied op Skylge wurdt no krekt in Dark Sky Park! Dat, mei de fêste saken en it Fryske nijs, yn Weistra op wei.

Dosint Peter van der Peppel oer de rekkentoets

Harnzer Eus de Groot op It Gryn

Wytze Schut fan draaioargel De Grote Dorus

16:09 - Caro Emerald - Liquid Lunch
16:20 - Womack & Womack - Teardrops (Radio Mix)
16:36 - Avicii - Hey Brother
16:47 - Ellie Goulding - Love Me Like You Do
17:08 - Shakira - Whenever Wherever
17:13 - Lytse Hille - As Ik Alles Eader Witten Hie
17:37 - Zipp - Zomer
17:52 - Rolling Stones - Time Is On My Side (Original)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)