Weistra op wei fan 30 april 2015 16:00

Hoe trou betelje de Fryske gemeenten de rekkens? Dêr ha wy it hjoed oer yn Weistra op Wei. Út ûndersyk fan MKB Nederlân blykt dat Dantumadiel de rekkens it fluchst fan alle Fryske gemeenten betellet. Weststellingwerf hat de leechste skoare. Dizze gemeente nimt 50 dagen de tiid foar it beteljen fan in nota. En dat wylst de wetlik sjoen in rekken yn 30 dagen betelle wurde moat. Yn Weistra op Wei in petear mei de wethâlders fan beide gemeenten oer de útkomsten fan it ûndersyk.

Fierder oandacht foar de soargen rûn de persoanbûnnen budzjetten. Lytsskalige soarchoanbieders yn Fryslân tinke net dat de problemen mei de persoanbûne budzjetten (PGB) foar 15 maaie oplost binne. De Twadde Keamer wol dat steatssiktaris Martin van Rijn it útbeteljen fan PGB's foar dy tiid op oarder hat. Mar dêr hawwe de Fryske oanbieders gjin fidúsje yn. Attsje de Vries fan Soarchbuorkerij Moai Seldsum yn Oentsjerk fertelt dat de soarchoanbieders dêr hielendal klear mei binne.

Ferslachjouwer Willem de Vries is by de iepen dei fan Flechtelingewurk op De Jouwer. Hy praat mei flechtelingen en sjocht hoe de organisaasje dy't no sa bot yn it nijs is, eins wurket.

16:09 - Weima & Van Der Werf - Hjoed Is Fantastysk
16:18 - The Young Folk - Way Home
16:26 - Lumineers - Ho Hey
16:41 - Lisa Lois - Breaking Away
16:52 - Crowded House - Don't Dream It's Over
17:09 - Christine And The Queens - Christine
17:20 - Stranglers - Golden Brown
17:41 - Pilot - Magic
17:45 - Bert Hadders En De Nozems - Leesmap
17:56 - Bee Gees - I've Gotta Get A Message To You

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)