Weistra op wei fan 3 novimber 2016 16:00

De juster op 86-jierrige leeftiid ferstoarne clown Popov jildt as foarbyld foar in hiel soad clowns, fan Las Vegas oant De Jouwer. Yn dat lêste plak wennet Clown Auke. Ek hy hat goed nei de Russyske paljas sjoen. Yn Weistra op wei fertelt er oer Popov, en oer it fak fan clown.

Froulju libje oer it generaal langer as manlju, dus se soenen ek wol wat letter mei pensjoen kinne. Mei dat ferhaal komt de Volkskrant hjoed. It leveret in protte reaksjes op, mar de krante parearret fuort minsken dy't roppe dat soks "anty-emansipatoir" wêze soe. Ommers: as je manlju earder mei pensjoen stjoere bliuwe der ek in soad topbanen oer, sadat froulju moai troch dat glêzen plafond brekke kinne. Yn Weistra op wei jout Fenna Feenstra, fraksjefoarsitter fan de SP yn de Fryske steaten har miening.

Dat, mei it lêste Fryske nijs, it waar, en It Slotstik, yn Weistra op wei.

16:07 - Rod Stewart - Crazy About Her
16:16 - Lp - Lost On You
16:23 - Amy Winehouse - Rehab
16:41 - De Hunekop - Marwei Bloes
16:48 - Stromae - Formidable
17:07 - Amy Grant - Baby Baby
17:17 - Ljoubjr De Band - Ik Gean Werom
17:41 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:50 - Sam Feldt X Lucas & Steve (Ft. Wulf) - Summer On You

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)