Weistra op wei fan 3 maart 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

It stopljocht springt op oranje. Wat dogge je dan? Trochride of ôfremje? In soad automobilisten twivelje en júst dat soarget foar ûngelokken. Om dit foar de kommen, giet it stopljocht in heale sekonde langer op oranje. Dat soe neffens ûndersyksburo Goudappel Coffeng it oantal ûngelokken mei 50 prosint werombringe. In heale sekonde, safolle ferskil. Soe dat echt?

Wy fregen minsken by in tankstasjon wat se hjirfan tinke. En ferkearspsycholooch Pieter de Haan fan de NHL yn Ljouwert is te gast om hjiroer te praten. Hy is it net iens mei alle konklúzjes út it rapport.

Fierder steane wy stil by de opfang fan flechtlingen. Yn in tiid dat ús lân oerspield wurdt troch flechtlingen is it wolris nijsgjirrich om te sjen nei in tiid dat ús ûngefear itselde oerkaam. Yn 1956 wie der in opstân yn Hongarije tsjin it kommunistyske rezjym. Russyske tanks makken dêr in wreed ein oan, en sa'n 200.000 Hongaren namen de flecht. Dêrfan kamen goed 3300 yn Nederlân.

Opfallend is dat dy minsken doe mei iepen earmen ûntfongen waarden. Fierder fûnen de measte Hongaren gau wurk en wie de yntegraasje oer it generaal ek suksesfol. Wat is de les fan 1956, wat kinne we dêr no fan leare? Us gast is Jos Debreczeny, âld-wethâlder fan Dantumadiel en hy hat sels -de namme docht soks al wat tinken- ek Hongaarske roots

Wurdt it feiliger op de dyk as it stopljocht langer op oranje stiet?

Ald-wethâlder Jos Debreczny oer de opfang fan flechtlingen

16:08 - Paul Carrack - Don't Shed A Tear
16:15 - Shawn Mendes & Camila Cabello - I Know What You Did Last Summer
16:39 - Cajun Beano - Abe
16:49 - Common Linnets - Calm After The Storm

17:09 - Gabrielle - When A Woman
17:17 - Kensington - Done With It
17:39 - Styx - Sing For The Day
17:53 - Drifters - You're More Then A Number In My Little Red Book

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)