Weistra op wei fan 3 juny 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

It praat fan de dei is hjoed sûnder mis it ûnferwachte opstappen fan FIFA-presidint Sepp Blatter. Fjouwer dagen nei't er werkeazen wie ta heechste baas fan it ynternasjonale fuotbalbûn giet er dochs fuort. Hoe hat dit sa kinnen, en hoe moat it no fierder? De reputaasjeskea fan it fuotbal is ommers gigantysk. Yn Weistra op wei jout de foarsitter fan it distrikt Noard fan de KNVB, David Woortman, syn miening. Dat docht ek Riemer van der Velde, âld-foarsitter fan SC Hearrenfean. Hy skodde Blatter oait de hân. Dan wurdt Piet Nicolay fan 'e middei ynstalleard as lektor "weerbaarheid" oan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Hy sil him foaral dwaande hâlde mei de striidberens fan minsken mei in ferstanlike beheining. Faak binne sy it slachtoffer fan agresje en seksueel misbrûk. Nicolay fertelt wat hy dêr, as lektor, oan dwaan wol. Fierder omtinken foar de Jûn fan de Koemarkt yn Feanwâlden dat dêr moarn hâlden wurdt en fansels it Fryske nijs.

16:09 - Faith Hill - This Kiss
16:18 - Wiebe Kaspers - Aldegea
16:41 - Krystl - Home
16:55 - Avicii - Addicted To You
17:11 - Nielson & Miss Montreal - Hoe
17:20 - Jelle B & Esther Postma - Mij Ben Je Nu Kwijt
17:41 - Matthew Wilder - Break My Stride
17:48 - Caro Emerald - Liquid Lunch
17:51 - Sarah Brightman & Andrea Bocelli - Time To Say Goodbye

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)