Weistra op wei fan 3 febrewaris 2016 16:00

Noch altyd komme jongeren fan 16 en 17 te maklik oan bier. Faak helje freonen fan 18 jier of âlder de drank, mar dêr moat in ein oan komme. De "bierhelp" moat tenei in boete krije, sa seit de foarsitter fan de Nederlandse Vereniging voor Drank- en Horecawetinspecteurs. Mar hoe soe dat yn de praktyk moatte, sa'n "trochjou-boete"? Yn Weistra op wei fan 'e middei mear dêroer.

It reade "zendschip" yn de Willemshaven fan Harns is driuwend oan in werfbeurt ta. Dat mei ek wol, it skip is yn 1949 boud en it iennichste noch wurkjende stjoerskip yn de wrâld. Der is noch in reden om de Jenni Baynton op te knappen: der binne plannen om it skip in rôl te jaan yn in film oer de legindaryske seestjoerder MiAmigo. Probleem is lykwols it jild. De werfbeurt moat sa'n 10.000 euro kostje. De "Vrienden van het Lichtschip" binne derom úteinset mei in crowdfundingaksje om it jild byinoar te krijen.

Us ferslachjouwer Jantine Weidenaar sil sjen yn Aldeholtpea. Wat is dêr allegear te belibjen op in woansdei yn febrewaris?

Dat, mei it Slotstik en fansels it lêste Fryske nijs, yn Weistra op wei.

Gerrit Jan Prakken

IJnze Hoekstra

16:08 - Matia Bazar - Ti Sento
16:18 - Lukas Graham - 7 Years
16:44 - Sebeare - Lit Us Gean
17:09 - Cardigans - Carnival
17:17 - Justin Bieber - Love Yourself
17:39 - Santana - Well All Right
17:52 - Rob De Nijs - Zet Een Kaars Voor Je Raam

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)