Weistra op wei fan 29 septimber 2016 16:00

Hoe is it om mei in dwerslaesy libje te moatten? Wat betsjut it, om alle dagen konfrontearre te wurden mei in lichem dat fan it boarst ôf folslein ferlamme is? Rienk Rozema (23) fan De Falom begjint dêr in blog oer. Yn maart fan dit jier hie er in slim auto-ûngelok. "Ah ju, oer in jier stiesto wer yn it fjild", sei in fuotbalmaat lêsten tsjin Rienk. "Ik bin dêr net lulk oer", seit Rienk, "mar ik wol útlizze werom't dat net mear kin". Rienk fertelt dêr fannemiddei oer, yn Weistra op wei.

Dan is Omrop-ferslachjouwer Gerrit de Boer werom yn Nepal, de berchsteat dy't ferline jier sa swier troffen waard troch in ierdbeving. Hoe is it dêr no? De kommende wike sil Gerrit geregeld in bijdrage dêrwei komme litte. "Fan herstel komt neat op 'e hispel", sa lit Gerrit witte.

Fierder yn Weistra op wei it lêste Fryske nijs -ûnder oaren oer de unike kolleksje brieven en foto's fan Mata Hari-, it waar en de kinst fansels wer stimme op It Slotstik.

16:07 - Blondie - Call Me
16:15 - Shawn Mendes - Treat You Better
16:23 - Estelle (Ft. Kanye West) - American Boy
16:41 - Sipke De Boer & Band - Wer Is Myn Bloeske
16:54 - Justin Bieber - Sorry
17:07 - Ace Of Base - All That She Wants
17:19 - Mosken - De Kenegin Fan Tjalleberd
17:39 - Charlie Puth (Ft. Meghan Trainor) - Marvin Gaye
17:49 - Proclaimers - Letter From America

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)