Weistra op wei fan 29 maaie 2015 16:00

Yn Weistra op Wei freed omtinken foar de nije hype Charlie Charlie Challenge. Dizze nije foarm fan 'glaasje draaien' is ûntstien yn Amearika, mar is ek op in soad skoallen yn Nederlân populêr. Op it Bornego College op It Hearrenfean binne se der lykwols net sa bliid mei, want guon bern wurde benaud fan it spultsje. Ek past it net yn de Kristlike tradysje fan de skoalle, seit direkteur-bestjoerder Frits Hoekstra.

Fierder skoot Foppe de Haan efkes oan yn de studio om syn ljocht skine te litten oer de FIFA. Hjoed is de ferkiezing fan de nije foarsitter fan it ynternasjonale fuotbalbûn. Sitten presidint Sepp Blatter striidt tsjin útdager Prins Ali ben-Al Hussein. De oanrin nei dizze ferkiezings wie stoarmeftich, mei de arrestaasje fan 7 hege FIFA-officials. Sy wurde fertocht fan omkeaping, fraude en korrupsje.

Ek omtinken foar it ferdwinen fan de Sneinspetiele, de bylage fan it Friesch Dagblad. Dizze bylage hat goed 50 jier bestien. En wy belje noch efkes mei Paul Olijve, foarsitter fan VV Bûtenpost. Dêr stiet moarn ien fan de wichtichste wedstriden ea op it programma: de finale yn de striid om promoasje nei de haadklasse.

Harm Weistra yn petear mei Foppe de Haan

Paul Olijve, foarsitter fan VV Bûtenpost

16:07 - John Newman - Love Me Again
16:15 - Marcel Smit - Fryslan
16:24 - Van Morrison + Michael Buble - Real Real Gone
16:39 - Syb & Ge Reinders - Laat Ze Maar Lullen
16:48 - Tlc - Waterfalls
17:09 - Years & Years - King
17:18 - Madcon - Beggin
17:38 - Ben Howard - Keep Your Head Up
17:47 - Tina Turner & David Bowie - Tonight
17:52 - Jannes - Ga Maar Weg

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)