Weistra op wei fan 29 april 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Hy is ien fan de foarrinners yn hiel Europa as it giet om saneamde mobile sjoernalistyk: Wytse Vellinga fan Snits. Dizze Omrop Fryslân-kollega is al jierren dwaande as "mojo", mei syn mobile telefoan makket er items foar radio, TV en ynternet. Krekt omdat er sa'n pionier is, sprekt er hjoed op in ynternasjonaal kongres yn it Ierske Dublin, foar in grut publyk. Is mojo-sjoernalistyk de takomst? Krije we dêr bettere ferhalen fan?

Jongeren dy't oare jongeren oankleie en in straf oplizze. It gebeurt sûnt koart op trije Amsterdamske skoallen. It giet om lytse oertredings, mar it effekt is grut: sa moat foarkaam wurde dat jongeren fierder op it ferkearde paad reitsje en de "echte" rjochtspraak der oan te pas komt. Yn Weistra op wei jout adfokaat Bart Canoy syn miening.

Fierder it "oare" nijs yn De Bûtenpost fan Bart Kingma, jo kinne wer op in plaat stimme yn It Slotstik, en fansels it lêste Fryske nijs.

16:09 - John Farnham - You're The Voice
16:18 - Coldplay - Hymn For The Weekend
16:42 - Feetwarmers - Tussen Fliet En Swarte Haan
16:53 - Aretha Franklin - Respect
17:08 - Inner Cirlce - Sweat (A La La La Long)
17:15 - Douwe Bob - Slow Down
17:20 - Stromae - Tous Les Memes
17:36 - Doobie Brothers - Long Train Running
17:44 - Aloe Blacc - The Man
17:50 - Bzn - The Summertime

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)