Weistra op wei fan 29 april 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Weistra op wei omtinken foar de aksjes foar Nepal. Freed is de nasjonale aksjedei foar it lân dat dit wykein troffen is troch de swierste ierdbeving yn 80 jier. Tûzenen minsken kamen om. Omrop Fryslân komt dan ek graach yn kontakt mei minsken dy't de kommende dagen op ien of oare wize jild ynsammelje foar de Nepalezen.

Ien fan de aksjes foar Nepal is by Rinsma Fashion op De Gordyk. De kleanwinkel iepene ôfrûne novimber noch in naaiatelier yn it lân. It gebou stiet noch oerein en docht no tsjinst as opfanglokaasje. De minsken fan Rinsma Fashion sammelje de kommende dagen jild yn om de minsken yn it troffen gebiet te helpen. Anna Rinsma fertelt ús dêr alles oer yn de útstjoering.

Fierder noch omtinken foar de kompensaasjeregeling foar boeren mei mûzeskea. Moai nijs fansels dat it jild der komt. Mar hoe moat it no fierder? En hoe kinne boeren, LTO, mar ek Wetterskip Fryslân, foarkomme dat it tenei wêr sa'n grutte pleach wurdt? Wiebren van Stralen fan LTO praat ús dêr oer by.

16:09 - Syb - Ien Klap
16:16 - Albert Hammond - I'm A Train
16:40 - Keane - Silenced By The Night
16:49 - Police - Can't Stand Losing
17:09 - Alain Clark - Father & Friend
17:17 - Elske De Wall - Dunsje My De Leafde Ut
17:38 - Bruce Springsteen - I'm On Fire
17:47 - I.O.S. - Uit De Schaduw
17:50 - Meja - All About The Money

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)