Weistra op wei fan 28 septimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Spul yn de reedriderswrâld. De lederied fan It reedriidbûn KNSB praat kommende sneon oer de begrutting foar 2017, en heikel punt dêryn is dat der foaral op it langebaanriden foars besunige wurdt. Foar riders, gewesten èn teams is dat ûnakseptabel. Der is sels sprake fan stakings, oer fjouwer wiken by de KNSB-Cup yn Grins. Yn Weistra op wei in gesprek mei Johannes de Vries fan it Gewest Fryslân fan de KNSB.
Nei trije jier stapt de skipper fan it skûtsje fan It Hearrenfean alwer op. Alco Reijenga hat dat beslút nommen omt er te min fertrouwen fan sawol it bestjoer fan de Gerben van Manen as fan syn bemanning krijt. "Der leit in dream yn duigen", seit Reijenga. Yn Weistra op wei jout de bestjoersfoarsitter fan it Feanster skûtsje, Jacobus de Vries, in taljochting.

Dat, mei it lêste Fryske nijs, it Slotstik oer it ûnderwerp "rêst" en noch folle mear, yn Weistra op wei.

16:07 - Paul Carrack - Don't Shed A Tear
16:15 - Justin Timberlake - Can't Stop The Feeling
16:41 - Grytz & Grize - Sei Age
16:51 - Lilly Wood & The Prick - Prayer In C
17:07 - Chesney Hawkes - The One And Only
17:18 - Twarres - Fugelfrij
17:41 - Kensington - War
17:51 - Fleetwood Mac - Go Your Own Way

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)