Weistra op wei fan 28 july 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden
  • Jan Dirk de Haan

Hjoed yn Weistra op wei praat presintator Jan Durk de Haan mei Ronald Zijlstra fan Oké-PC Fryslân oer de Windows 10 update. In protte minsken dy't it bestjoeringssysteem fan Microsoft op harren kompjûter brûke krije de ôfrûne wiken meldings dat se harren systeem update moatte nei Windows 10. Zijlstra leit út wat dit nije bestjoeringssysteem betsjut foar de PC's, en wêrom as je wol as net update moatte.

Wy hawwe hjoed ek kontakt mei SKS skûtsjeskipper Johannes Meeter fan it skûtsje fan Langwar dy't syn fyzje op de SKS-foarsizzings fan skûtsjekenner Gjalt de Jong jout. Hjiryn wurdt Langwar sjoen as in ferrassende twadde. Ek is der omtinken foar de rjochtssaken oer de eksploazje yn Drachten fan desimber 2015, en de deaslach fan in frou yn Frjentsjer fan febrewaris fan dit jier.

Dêrnjonken hawwe wy fansels kontakt mei ús ferslachjouwers dy't mei de camper op 'en paad binne, hjoed yn Riis en Aldemardum.

Ronald Zijlstra fan Oké-PC Fryslân oer Windows 10

Ferslachjouwer Roelof de Vries sjocht foarút op de Olympyske Spelen mei Marit Bouwmeester

Bianca Pander fanôf de Demokratyske Konvinsje yn Amearika

16:07 - Paul Young - Love Of The Common People
16:15 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
16:38 - Grytz & Grize - Kanjer
16:47 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)

17:07 - Roxette - How Do You Do
17:17 - Gaatze Bosma - Earste Trein Nei Starum
17:23 - Doobie Brothers - Listen To The Music
17:42 - Zouk Machine - Maldon
17:54 - Lace - I'm A Gambler

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)