Weistra op wei fan 28 april 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

We moatte mei ús allen mear fertsjinje! Dat sil elkenien as muzyk yn 'e earen klinke, en it is ek wat fakorganisaasjes al skoften útdrage. Opmerklik genôch is it hjoed ek wat Klaas Knot, direkteur fan De Nederlandsche Bank, hearre lit. Neffens him is it sa dat de ûnderbetelling fan wurknimmers en zzp'ers ophâlde moat. De grutte bedriuwen sitte goed by kas, de ekonomy lûkt oan en derom kinne de leanen ek wol omheech. Yn Weistra op wei gean FNV'er Anne van Dyk en Akke Groenewoud fan MKB Fryslân mei elkoar yn diskusje. Want is dit "hosanna-ferhaal" wol fan tapassing op Fryslân?

Dan krije de flechtlingen fan 'e middei by VV Drachten in fuotbalklinik fan nimmen minder as SC Hearrenfean-coach Foppe de Haan. Yn Weistra op wei in reportaazje. Geert van Tunen is by in bijienkomst oer bewegingsûnderwiis foar skoalbern. It tal gimmestyklessen op skoalle moat fan twa nei trije yn 'e wike, sa wol steatssekretaris Dekker, mar hoe't dat dan yn de praktyk krekt moat, dat hearre we fan 'e middei.

Fierder fansels it lêste Fryske nijs, en jo kinne wer stimme op in plaat yn It Slotstik -en dat giet hjoed oer drank, of leaver: drankmisbrûk.

16:06 - Fairground Attraction - Perfect
16:16 - Marco Borsato & Matt Simons - Breng Me Naar Het Water
16:40 - Inez Timmer - Minsk
16:51 - James Bay - Hold Back The River
17:09 - La's - There She Goes
17:18 - Charlie Puth - One Call Away
17:39 - Wind Earth & Fire - Boogie Wonderland
17:50 - Normaal - Mama Woar Is Mien Pils

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)