Weistra op wei fan 27 maaie 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden
  • Harm Weistra

De piloaten fan de F-35 (JSF) fine dat it tafalt mei it lûd dat de omwenners fan de fleanbasis meitsje. Dat blykt út de belibbingsflechten dy't se juster útfierd ha, seit Bart Kingma. Om kertier oer fjouweren hinne skoot er oan yn de studio, mei it lêste nijs út de Bûtenpost. It Fryske nijs, fan bûten besjoen. 

We ha ek serieuze saken. De Ljouwerter advokaat Bart Canoy lit fan 'e middei syn ljocht skine oer de tsjustere wrâld fan de advokatuer. Hoe stiet út rjochtsteat der foar? Canoy is nei healwei seizen yn de studio.

NOS-fuotbalkommintator Evert ten Napel stiet jûn tegearre mei âld-keeper Hans van Breukelen yn de Harmonie yn Ljouwert, mei in foarstelling oer 1988. Yn dat jier waard it Nederlânsk fuotbalalvetal Europeesk kampioen.  

En it wie hjoed de lêste dei fan de eineksamens. Frysk stie op it roaster. Oer it eksamen Nederlânsk is alle jierren in soad te dwaan. Is it wol mooglik om it sûnder flaters te meitsjen? En moat dat eins wol kinne? Anne Marije Bloem fan it Bogerman yn Koudum fertelt oer it eineksamen Frysk. Hoe wie dat?

JSF-piloat: "Lûd omwenners falt ta"

16:07 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
16:14 - Douwe Bob - Slow Down (Live, Heale Finale Esf 2016)
16:20 - Beatles - Here Comes The Sun
16:41 - Weima & Van Der Werf - 't Komt Altyd Wol Goed
16:48 - Causes - Teach Me How To Dance With You

17:07 - Wind Earth & Fire - September '99 (Phats & Small Remix)
17:14 - Alvaro Soler - Sofia
17:25 - Kygo (Ft. Ella Henderson) - Here For You
17:37 - Abba - Dancing Queen
17:49 - Murk Aukema - Story Like Yours
17:53 - The Osmonds - Crazy Horses

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)