Weistra op wei fan 26 septimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

It hat lang duorre, mar fannacht (03:00 oere ús tiid) is dan it alderearste Tv-debat tusken Hillary Clinton en Donald Trump. De twa Amearikaanske presidintskandidaten lizze yn de peilingen ticht by mekoar, der sit mar sa'n twa persint tusken. It giet mei oaren wurden wol erges oer. Mei Amearikanist Jan Postma (oarspronkelik fan Hurdegaryp, wurksem by BNR Radio) sjogge we foarút op dit debat.
Jenny Boot is fotografe, hikke en tein yn Snits mar har karrière is sa stadichoan ynternasjonaal te neamen. Mei eksposysjes yn Stockholm, Parys en New York èn publikaasje yn de Snoeck, it Belgyske lifestyleboek makket se furoare. Se is fannemiddei te gast yn Weistra op wei.
Fierder kinst wer stimme op It Slotstik en bringe we fansels it lêste Fryske nijs.

16:06 - Christopher Cross - All Right
16:14 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
16:36 - Pigmeat - Herman Moest Naar Brada (Music Night 2008)
16:45 - Dua Lipa - Be The One
16:51 - Tina Turner - Way Of The World
17:07 - Mr. Big - Wild World
17:17 - Marjan Giesing - Dunsje Mei My
17:36 - Magic - Rude
17:46 - Charlie Puth (Ft. Selena Gomez) - We Don't Talk Anymore
17:52 - Simon & Garfunkel - The Sound Of Silence

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)