Weistra op wei fan 26 oktober 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden
  • Eric Ennema yn de studio van It Polytburo

"Juliana, vorstin in een mannenwereld" is de titel fan in biografy oer de eardere keninginne, en yn it boek wurdt in byld sketst fan in frou dy't net allinnich iensum mar ek eksentryk en ekstreem wie. Oranje-kenner Bearn Bilker hat it boek lêzen, en pleatst yn Weistra op wei kanttekeningen by it ferhaal.

Boeren kinne mar it bêste rekken mei hâlde dat se tenei folle minder stront produsearje meie as no. Dat seit Euro-parlemintariër Annie Schreijer-Pierik (CDA). Ferslachjouwer Onno Falkena praat mei har yn de studio yn Straatsburch.

Modellen binne hot. Of, om wat krekter te wêzen: model wurde is hot. Yn Surhústerfean wie hjoed in ynternasjonale modelle-scout, want der wurdt alwer socht nei de "folgjende" Akke Marije.

Dat, mei it waar, de digitale radio-win-aksje èn it Slotstik (hjoed oer skoallen), yn Weistra op wei.

Harkje nei de warskôging fan Annie Schreijer

16:07 - Don Henley - The Boys Of Summer
16:17 - Bastille - Good Grief
16:39 - Sebeare - Lit Us Gean
16:52 - Gwen Stefani - The Sweet Escape
17:08 - Jennifer Paige - Crush
17:17 - Brandewyn - Wersto Ja Seist
17:40 - Gary Brooker - No More Fear Of Flying
17:52 - Alice Cooper - School's Out

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)