Weistra op wei fan 25 maart 2015 16:00

Nei’t juster bekend makke is dat der hoe dan ek in asylsikerssintrum yn Balk komt, streame hjoed de reaksjes binnen. Benammen omwenners fan it nije AZC, binne it net mei it foarnimmen fan de gemeente iens. It giet om in stik lân tsjinoer de strjitten Talud en de Wikelerdyk. Boargemaster Aalberts fan De Fryske Marren is dúdlik: dizze lokaasje wurdt it foar de kommende fiif jier, foar fiifhûndert minsken. Yn Weistra op wei in petear mei Sjoerd Wijnia, ien fan de omwenners.

Us ferslachjouwer Andries Bakker is by it ôfskie fan sittende leden út de Provinsjale steaten. Mar leafst 24 fan de 43 leden fan it Fryske parlemint nimme ôfskie. Moarn wurde de nije steateleden offisjeel beneamd, sadat Fryslân formeel ien dei sûnder provinsjale kontroleurs sit. Andries Bakker fertelt oer it ôfskie.

Fierder ha we it oer protterstront. Auto's, ruten, waskguod en sinnepanielen: alles sit der ûnder yn de Oosterparkwyk yn Harns. Alle middeis tusken fiif en sân fleane der tûzenen protters oer de buert. En... as't net ûnderskiten thús komme wolst, dan kinst mar better dekking sykje... Wy prate mei in bewenner dy't dat dien hat.

16:08 - Maroon 5 - Sugar
16:17 - Syb - Eachferblynjend
16:25 - Selah Sue - Alone
16:39 - One Direction - Story Of My Life
16:48 - Jonathan Jeremian - Lost
17:11 - Corrs - Radio
17:25 - Avicii - Addicted To You
17:38 - Madness - Our House
17:48 - Henk Westbroek & Nance - De Laatste En De Eerste
17:52 - The Clash - Should I Stay Or Should I Go

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)