Weistra op wei fan 24 oktober 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

It frijhannelsferdrach CETA, tusken de Europeeske Uny en Kanada, liket net troch te gean. De foarstanners, dy't hoopten op ekonomyske groei en mear banen, binne teloarsteld, de tsjinstanners binne bliid. Ta dy lêste kategory heart boerinne Sieta van Keimpema. Sy fierde sneon noch aksje tsjin CETA, yn Weistra op wei leit se út werom't it in goeie saak is dat it ferdrach keard is.

Dan krijt musicaloplieding MUZT yn Snits jûn mooglik in tal priizen. foar de bêste klean, grime, en foar de bêste froulike en manlike byrôl, allegear yn De Meermin. Ek dêroer mear yn Weistra op wei.

Fierder in gesprek mei yllusionist Hans Klok, hy stiet dizze wike yn Ljouwert mei syn nije show, ferslachjouwer René Koster is yn soarchsintrum De Flecke op 'e Jouwer, en yn It Slotstik kin wer stimd wurde op trije platen dy't mei wapenhannel te meitsjen ha.

16:07 - Rod Stewart - Baby Jane
16:15 - Shawn Mendes - Mercy
16:41 - Dido - White Flag
16:51 - Swartbunt - It Sil Stoarmje
17:07 - Ace Of Base - The Sign
17:18 - Twarres - Fugelfrij
17:40 - Shaka Kahn - I'm Every Woman
17:45 - Cat Stevens - I'm Gonna Get Me A Gun
17:51 - Handsome Poets - Sky On Fire
17:54 - Janieck - Feel The Love

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)