Weistra op wei fan 23 septimber 2016 16:00

Nei in striid fan jierren is der lang om let in mearderheid yn de Twadde Keamer foar de legale tylt fan weed. Dizze politike trochbraak moat der foar soargje dat de oerheid tenei tafersjoch hâldt op de weedtylt. Gemeenten as Ljouwert en Smellingerlân pleitsje al langer foar regulearing. No't dat der liket te kommen, is de fraach hoe't soks dan moat. Krije we aanst gemeentlike weedplantaazjes? Boargemaster Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân jout syn miening.

Martien Wierdsma krige juster in lanlike priis foar it wurk dat se docht as amtner by de gemeente Ljouwert. Se behannelet klachten fan boargers. "Martien Wierdsma van de gemeente Leeuwarden springt eruit als aanjager van laagdrempelig contact met burgers in de regio", sa sei de Nationale Ombudsman. Hoe't sy dat docht, fertelt se yn Weistra op wei.

Yn it Fryske nijs omtinken foar in duorsum fiskersskip ("de Tesla fan de see") en foar Cambuur, Bart Canoy behannelet juridyske saken en Bart Kingma jout syn satiryske fisy op it nijs èn je kinne fansels wer stimme op It Slotstik.

16:07 - Powerplay - Make It Alone
16:16 - Sam Feldt X Lucas & Steve (Ft. Wulf) - Summer On You
16:38 - Gaatze Bosma - Earste Trein Nei Starum
16:48 - Pharrell Williams - Happy
17:07 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
17:14 - Marjan Giesing - Simmerjun
17:19 - Donna Summer - Could It Be Magic
17:37 - Onerepublic - Counting Stars
17:47 - Janieck - Feel The Love
17:53 - Byrds - Eight Miles High

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)