Weistra op wei fan 23 juny 2016 16:00

It smoken komt hieltyd mear ûnder druk te stean. Nei't der in rookferbod yn de hoareka kaam, binne no de terrassen oan bar. Ek de spesjale rookromtes yn de kroegen moat in ein oan makke wurde. It giet Horeca Nederland allegear fierstente fier, mar falt it kearen fan sigaretten út it iepenbiere libben noch wol tsjin te hâlden?
Dan meie sa'n 46 miljoen Britten hjoed stimme oer it al as net yn de EU bliuwen. Sil it referindum liede ta in "Brexit"? De útslach komt net earder as moarnier, mar yn Weistra op wei sjogge mei belutsen Friezen alfêst foarút nei sa'n scenario.
Fierder in petear mei Oedo Kuipers, in Fryske musicalstjer dy't de hiele wrâld oergiet , omtinken foar de Week van de Akkerbouw, en it Slotstik giet hjoed oer "wetter". Dat, mei it lêste nijs út Fryslân, yn Weistra op wei. Presintaasje is hjoed yn hannen fan Eric Ennema.

16:07 - Billy Ocean - When The Going Gets Tough
16:16 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
16:38 - De Kast - De Tijd Tikt Door
16:47 - Meghan Trainor - All About That Bass
16:52 - Diana Ross - Baby Love
17:07 - Boyzone - Picture Of You
17:16 - Brandewyn - Boogy Woogy Myntsje
17:24 - Commodores - Easy
17:42 - Swing Out Sister - Breakout
17:53 - Bob Dylan - A Hard Rain's A-Gonna Fall

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)