Weistra op wei fan 22 maaie 2015 16:00

Fanwege in fersakking yn de dyk is de Drachtsterwei yn Ljouwert ôfsletten foar it ferkear dat de stêd yn moat. En de rydstroken de stêd út gean aanst ek ticht. De fersakking wurdt yn de gaten hâlden. Yn de nacht fan freed op sneon sil de fersakking ferholpen wurde. Sneon om 6 oere moat de dyk wer iepen wêze. Yn Weistra op wei is ferslachjouwer Onno Falkena by de Drachtsterwei.

Basketbalklup Aris út Ljouwert hat in nije coach. It is de 38-jierrige Michael Schuurs. Hy is foaral bekend fan Magixx út Nijmegen, dêr't hy earst spiler wie en sûnt 2006 coach. Freedtemiddei waard hy presintearre yn sporthal it Kealledykje. En foar ús wie dêr ek ferslachjouwer Gerrit de Boer.

Moatte wettersporters in jierlikse 'farbydrage' betelje? Der wurdt op dit stuit ûndersyk dien troch ûnder oaren de HISWA. De opbringst is foar de sektor. Yn 2009 is der ek al praat oer sa'n wettersportbydrage, mar dat is net trochgien. PvdA Twadde Keamerlid Lutz Jacobi en Robbert Toussaint fan Varen yn Fryslân diskusearje der oer yn Weistra op wei.

Fan freed ôf is der flessepost yn Ljouwert te finen. Freedtemiddei hat skriuwster Mika Backer har earste flessepost op in noch ûnbekend plak efterlitten yn de stêd. Wat dêr it doel fan is? De inisjatyfnimster sit yn Weistra op wei.

16:09 - Lunchmoney Lewis - Bills
16:14 - Simply Red - Shine On
16:39 - David (Ft Sam Martin) Guetta - Dangerous
16:48 - Train - Drive By
17:10 - Elvis Presley - A Little Less Conversation (Jxl)
17:19 - Sam Smith - Like I Can
17:38 - Sheppard - Geronimo
17:45 - Robert Palmer - Addicted To Love
17:51 - Dj Jurgen - Higher & Higher

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)