Weistra op wei fan 21 septimber 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Hjoed yn Weistra op wei omtinken foar it Frysk. Minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken sette ferline jier syn hântekening ûnder de nije Fryske taalwet. Mar dy wurket noch net goed genôch, fynt it Advysorgaan Dingtiid. De leden dêrfan reizgen hjoed nei Den Haach om Plasterk nochris oan de ôfspraken út de taalwet te herinnerjen.

Oer herinnerjen sprutsen: hjoed is ek wrâld-alzheimerdei. Yn Weistra op wei fertelt de Fryske ôfdielingsfoarsitter Loek Punt fan Alzheimerstichting Nederland oer de gefolgen fan Alzheimer. It hat net allinnich grutte gefolgen foar de pasjinten sels, mar ek foar famylje en freonen. Teatergroep De Paupers hat dêr ek in Frysktalich toanielstik oer makke. Dat wurdt jûn opfierd yn it Posthuis Teater op It Hearrenfean.

Fierder skoot ferslachjouwer Ronnie Porte oan yn de studio om te fertellen oer de krisis by it Reade Krús. Troch de tastroom fan flechtlingen hat de helporganisaasje net genôch minsken en helpmiddels mear om de opfang goed te regeljen.

In oare studiogast hjoed is Jannick de Jong. Dizze gersbaanracer fan De Gordyk skreau dit wykein sporthistoarje troch de wrâldtitel te pakken. Hy sjocht mei Harm Weistra werom op syn wykein.

16:09 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
16:16 - Clarence Clemens & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
16:41 - Caro Emerald - Tangled Up
16:49 - Paul Simon - 50 Ways To Leave Your Lover
17:11 - Taylor Swift - Style
17:19 - Julian Lennon - Too Late For Goodbye
17:36 - Bastille - Pompeii
17:47 - Calvin Harris (Ft. Disciples) - How Deep Is Your Love

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)