Weistra op wei fan 21 novimber 2016 16:00

Anoreksiapasjinten wurde hieltyd jonger. By de GGZ Fryslân is in healjier lyn in helpgroep fan start gien mei bern fan 14 jier. Guon bern mei ytsteuringen binne soms noch jonger. Se fine harsels te dik, èn troch alle klam op sûn iten reitsje se obsedearre. Eva Kuiper is sosjo-terapeute, sy leit út wat je as âlden oan dit groeiende probleem dwaan kinne.

Snein wie yn Seelân it 'NK tegenwindfietsen'. De Ljouwerter studint Jeroen Veenstra die mei, it wie syn tredde kear, "mar dit wie wol de alderswierste", sa seit er. Op de fyts, yn 'e wyn op, by flagen fan wynkrêft 11, hy fertelt der fan 'e middei oer yn Weistra op wei.

Yn It Slotstik kin hjoed stimd wurde op ferskes dy't oer skiën gean, en fierder fansels it lêste nijs út Fryslân.

16:07 - Michael Sembello - Maniac
16:15 - Bruno Mars - 24K Magik
16:23 - Vaya Con Dios - Nah Neh Nah
16:40 - Twarres - Won't Let Go
16:52 - Hollies - Listen To Me
17:06 - Tom Jones & Mousse T. - Sex Bomb
17:15 - Krijn - Zo Is Het Leven
17:25 - Supertramp - The Logical Song
17:38 - Of Monsters And Men - Little Talks
17:48 - Clean Bandit - Rockabye

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)