Weistra op wei fan 20 oktober 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

Yn Weistra op wei dizze middei omtinken foar de geweldsynsidinten yn Ljouwert. In 38-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei oppakt neidat er in frou fan 68 jier út Ljouwert om it libben brocht hat en in oare frou delstutsen hat. Ut ûndersyk fan de plysje hat no bliken dien dat der nochris twa froulju yn Ljouwert oanfallen binne, nei alle gedachten troch deselde man.

Fierder bellet Harm mei JB van der Wal, de gitarist fan de band Herder út De Westereen. De manlju fan de metalband spilen it ôfrûne wykein op it metalfestival Krachtstroom yn HIlversum, mar waarden healwei it optreden fan it poadium helle. De reden: se spilen te lûd...

En ek sjogge wy by de priisútrikking fan Fit mei Femke, binne wy yn it Fries Museum dêr't keunstner Machiel Braaksma in nije eksposysje hat en hawwe wy in reportaazje oer aktiviteiten dy't foar de flechtlingen yn Frjentsjer organisearre wurde.

16:09 - Phil Collins - It Don't Matter To Me
16:19 - Dotan - Let The River In
16:43 - Vangrail - Libben Nei De Leafde
17:09 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
17:19 - Souldada - Nunder
17:43 - De Kast - Zij Zweeft
17:51 - Piter Wilkens - Opel Manta

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)