Weistra op wei fan 20 jannewaris 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Fryslân is moai, mar bliuwt dat ek sa? Lânskipsarsjitekt Peter de Ruyter makket him grutte soargen. Neffens him is mei de komst fan anonime bedriuweterreinen en "willekeurig geplaatste" wynmûnen in soad bedoarn. Kin it tij noch keard wurde? Dat freget er him ôf yn syn nije boek "Vloeiend landschap", dat fan 'e middei presentearre wurdt. Yn Weistra op wei in petear mei Peter de Ruyter.
Ger Jaarsma wie de lêste 14 jier oan it wurk by de Kredietbank Nederland, mar dêr komt op 1 april in ein oan. Hoe earm is Nederlân eins, no't de krisis foarby liket? Jaarsma stelt fêst dat de kleau tusken wurkjenden en net-wurkjenden bepaald net lytser wurden is. Mei him in persoanlik petear.
Fierder omtinken foar de premjêre fan de teatertoer fan Elske DeWall, "Velvet Soldier", moarn yn De Harmonie yn Ljouwert, foar It Slotstik kin keazen wurde út trije ferskes dy't kwa titel te linken binne oan de kommisje "Stiekem", en fansels it lêste Fryske nijs.

16:08 - Paul Mccartney - Say Say Say
16:17 - Kensington - Done With It
16:42 - Gurbe Douwstra & De Sadelrukers - Thus
16:51 - Avicii - Hey Brother
17:10 - Wes - Alane
17:18 - Miss Montreal - Love You Now
17:38 - Albert Hammond - Free Electric Band
17:48 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)