Weistra op wei fan 2 septimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Nije wike nimt kommissaris fan de Kening John Jorritsma offisjeel ôfskied fan Fryslân. Yn Weistra op wei reagearret er op krityk dat de lobby fan Fryslân yn Den Haach eins net goed slagget -en dat is krityk dy't ek wol wat op Jorritsma rjochte is. Fierder lizze we him in tal dilemma's foar, sa moat er kieze tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean. Uteinlik komt er út by... PSV, de klup fan de stêd dêr't er Fryslân foar ferruilet, Eindhoven.
Advokaat Bart Canoy sil it hjoed ha oer de befeiliging fan it plysjeburo yn Drachten, dêr binne betonblokken foar de yngong dellein en bewake wapene plysjes de baly, allegear nei oanlieding fan serieuze bedrigings oan it adres fan de plysje.
Fierder De Bûtenpost, mei in satiryske blik op it nijs, yn It Slotstik kin hjoed stimd wurde op in plaat oer krokodillen, en we bringe fansels it lêste nijs út Fryslân.

16:06 - Toto - Hold The Line
16:15 - Timeflies - Once In A While
16:21 - Shola Ama - You Might Need Somebody
16:38 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
16:52 - Common Linnets - Calm After The Storm
17:08 - Robert Palmer - I'll Be Your Baby Tonight
17:17 - White Indian - My Back Pages
17:37 - Cj Lewis - Sweets For My Sweet
17:47 - Charlie Puth - We Don't Talk Anymore
17:53 - Snappie - De Kleine Krokodil

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)