Weistra op wei fan 2 novimber 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

De adopsje fan bûtenlânske bern moat ôfskaft wurde. Help oan bern yn it eigen lân is folle better. Mei dat -opmerkelike- advys komt hjoed de Raad voor Strafrechtstoepassing en Jeugdbescherming. It rjocht fan bern om yn eigen lân en yn de eigen omjouwing op te groeien heart foarop te stean, sa fynt de Raad. De polityk pleatst dêr hjoed fraachtekens by. Dat docht ek Jan de Vries, hy wurket as psycholooch yn Ljouwert in soad mei adopsjebern. "Je moatte ek sjen nei it folle bettere perspektyf dat sokke bern yn Nederlân krije", seit er. De Vries is te gast yn Weistra op wei.

Elkenien wit it noch wol: tsien jier lyn waard in keppel hynders fan in ûnderstrûpte dobbe yn it Noarderleech by Marrum rêden, troch in stikmannich oare hynders. Twa hynders dy't oan dy rêdingsaksje meidienen wurde op dit stuit ynset yn de terapy dy't jûn wurdt yn it sintrum Spirit of Epona, yn it Noardhollânske Heiloo. Dêr ride op stuit traumatisearre asylsikersbern op Lobke en Simone. Imelda de Smet fertelt deroer, yn Weistra op wei. "Hynders binne spegels", fynt De Smet.

Dan is ferslachjouwer Lenny Bronsveld by it 60-jierrich bestean fan basisskoalle De Swette yn Drachten, der kin wer stimd wurde op It Slotstik, en fansels it lêste Fryske nijs.

16:07 - Little Steven - Forever
16:18 - Shawn Mendes - Treat You Better
16:39 - Eddy Dykstra & Sons - De Mem Fan Doutzen
16:48 - Bruno Mars - Locked Out Of Heaven

17:07 - Total Touch - Touch Me There
17:15 - Syb Vd Ploeg & Piter Wilkens - Jou It Troch
17:22 - Jackson 5 - Abc
17:39 - Pink - Just Give Me A Reason
17:51 - Sweet - Blockbuster!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)