Weistra op wei fan 2 febrewaris 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

It is hjoed in jier lyn dat bedriuwen foar it earst de domeinekstinsje .frl kieze koenen. De organisaasje sprekt fan in jier mei hichtepunten: sa stiet .frl op it tolfde plak fan nije domeinekstinsjes fan gebieten, tusken "miami" en "wien" yn, en is .frl mear as 13.500 kear registreard. Yn Weistra op wei in gesprek mei inisjatyfnimmer Joost van Rooy, en mei Rienk Smids fan Friks, ien fan de pionearjende bedriuwen. Wat hat it har eins brocht?
De twa Rembrandts gean net op toernee troch Nederlân. De troch de steat en troch Frankryk oankochte skilderijen sille aanst om bar tentoansteld wurde yn Amsterdam en Parys. It earste plan wie dat se ek by de provinsjale haadstêden del soenen, mar dat wurdt dochs te djoer. Fan Fries Museum direkteur Kris Callens hearre we hoe spitich as hy dat fynt.
Foar it Slotstik kin stimd wurde op in plaat oer (froulike) soldaten, en fansels bringe we it lêste Fryske nijs.

16:09 - Paula Abdul - Straight Up
16:17 - Shawn Mendes - Stitches
16:42 - Wiegels Wjukkelmasine - Yn De Rein
16:51 - One Direction - Perfect
17:05 - Bee Gees - Massachusetts
17:08 - Crowded House - Weather With You
17:16 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
17:36 - Gilbert O'sullivan - Matrimony
17:44 - Mariusz & De Muzikanten - De Frije Frou
17:53 - Rod Mckuen - Soldiers Who Want To Be Heroes

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)