Weistra op wei fan 19 novimber 2015 16:00

Yn de Nederlânske skiednis ha der twa Fryske politisy west dy't in steatsgreep dwaan woenen. Yn 1918 wie dat Piter Jelles Troelstra, en "Troelstra's vergissing" is rûnom bekend, mar oant hjoed wie frij ûnbekend dat âld-premier Pieter Sjoerds Gerbrandy itselde foar eagen stien hat. Tegearre mei "Soldaat van Oranje" Erik Hazelhoff Roelfzema hie er yn 1947 serieuze plannen foar in steatsgreep. Oanlieding wie it driigjende ferlies fan Nederlânsk Ynje. De steatsgreep waard úteinlik foarkommen en Yndonezië waard selsstannich. Yn Weistra op wei in petear hjiroer mei de biograaf fan Gerbrandy, histoarikus Cees Fasseur. Yn it programma ek it ferhaal fan de 23-jierrige Leroy van Banniseht út Ljouwert. As gefolch fan bonkekanker is Leroy's skonk amputearre. Mei in blade wol er besykje wer te rinnen, en om dêr jild foar byinoar te krijen wurdt der sneon troch syn fuotbalklup Blauw-Wit '34 in grut benefytgala hâlden. Leroy en Blauw-Wit-foarsitter Rudy Douma fertelle it ferhaal. Dat, mei it lêste Fryske nijs, it slotstik en noch folle mear, yn Weistra op wei.

16:09 - Chris Rea - Josephine
16:18 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
16:44 - Eddy Dykstra - Efkes Werom
17:09 - Bee Gees - Alone
17:16 - Dotan - Let The River In
17:35 - Diana Ross & The Supremes - You Keep Me Hangin' On
17:47 - Boz Scaggs - Lido Shuffle
17:52 - Nicole - Ein Bisschen Frieden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)