Weistra op wei fan 18 novimber 2016 16:00

It ferkear wurdt de lêste jierren hieltyd feiliger, yn ús lân, mar dat jildt net foar it lânbouferkear. De lânbou-universiteit yn Wageningen hat dêr ûndersyk nei dien. Relatyf sjoen easkje foaral trekkers mear deadlike slachtoffers. Hoe't dat kin, en wat der oan dien wurde moat, hearre we fan ûndersiker (en Fries om utens) Rinus Jaarsma fan Wageningen.

Mear ferkear, yn Weistra op wei: by Winsum yn Grinslân botste fan 'e middei in trein op in molke-auto. Twa minsken rekken swier ferwûne, mar it hie noch folle slimmer ôfrinne kinnen, sa seit Josse Feitsma (20), oarspronkelik fan Aldeberkeap, hy siet yn de trein. "As it foarste treinstel kantele wie, dan wienen der deaden fallen". Yn Weistra op wei ha we kontakt mei Feitsma.

De Ljouwerter advokaat Bart Canoy sil it hjoed ha oer in twitterferbod yn de rjochtseal -sa't in rjochter dat dizze wike oplei-, yn It Slotstik kin hjoed stimd wurde op in optimistysk ferske, en fierder fansels it lêste nijs út Fryslân.

16:07 - Outfield - Your Love
16:19 - Gavin James - Nervous (The Ooh Song)
16:39 - Gerben Boots - Ik Gean Kapot Oan Dy
16:51 - Coldplay - Hymn For The Weekend
17:09 - Lois Lane - I Wanna Be
17:17 - Gaatze - De Moaiste
17:37 - Handsome Poets - Sky On Fire
17:48 - Maroon 5 - Don't Wanna Know
17:52 - Turtles - Happy Together

Diel dit berjocht op:

Weistra op wei

Mei de bêste muzyk fan de lêste 40 jier, mar ek in protte nijs, nijsgjirrige en persoanlike petearen.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen fan 16.00 oant 18.00 oere.
(advertinsje)