Weistra op wei fan 18 novimber 2015 16:00

  • Spiler wurdt laden

* De tsjerken yn Wolvegea komme yn aksje tsjin it geweld yn Parys. De kristlike en islamityske mienskippen ha besletten om presys in wike nei de oanslaggen meielkoar in byienkomst te hâlden, mei as tema 'Samen voor Vrede en Veiligheid.' Kommende freedtejûn om sân oere is de Sint Fransiskustsjerke yn Wolvegea iepen foar elkenien dy't der by wêze wol. Fan 'e middei yn Weistra op wei Klaas Jelle Faber. Hy is predikant by de Protestantse gemeente yn Wolvegea.

* Waarme billen by it bidden. Stifting Nijfinster hat 30 spesjale ferwaarmde kessens kocht foar de tsjerkegongers fan Jorwert. Op dizze wize hoecht de de tsjerke net ferwaarme te wurden. Yn Weistra op wei in reportaazje.

* Freed op meardere plakken in oanslach yn Parys. En tiisdeitejûn it fuotbalstadion yn Hannover dat ûntromme wurde moast foar de driging fan in oanslach. De wedstryd tusken Dútslân en Nederlân soe dêr spile wurde. Ek artysten as Prince en de Foo Fighters ha harren konserten yn Europa ôfsein, omdat se de driging te heech fine. Moatte we no mar thússitten bliuwe en út net mear fertoane op plakken dêr't in soad minsken byelkoar komme. We peilden de reaksjes op strjitte en yn de útstjoering is Marc Schaaf, saakkundige op it mêd fan feiligens.

* Sandor van der Heide giet mei in goed gefoel fuort by Cambuur. Dat seit hy fan 'e middei yn Weistra op wei in wike neidat de direksje him op in sydspoar sette as assistint-coach fan it earste alvetal. Dat beslút kaam oan as in mokerslach by Van der Heide. It klupikoan waard mei ferantwurdlik hâlden foar de mindere resultaten fan de Ljouwerters yn de earedivyzje. Van der Heide wurdt no tydlik haadcoach fan sneonsamateur-topklasser IJsselmeervogels.

Reaksjes feiligenssaakkundige Marc Schaaf

Agindatip

16:08 - Poco - Call It Love
16:18 - Sam Smith - Writing On The Wall
16:47 - Bricquebec - Strjitlizzer

17:13 - Lenny Kravitz - It Ain't Over 'til It's Over
17:40 - Harpo - Moviestar
17:50 - Rolling Stones - Jumpin' Jack Flash

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)