Weistra op wei fan 17 oktober 2016 16:00

  • Spiler wurdt laden

Nepal

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Gerrit de Boer wie twa wiken yn Nepal, it lân dat in jier lyn troch in swiere ierdbeving troffen waard. Gerrit beseach de skea èn it herstel, foaral fan it Fryske skoalleprojekt dêr. Yn Weistra op wei syn ferhaal.

48-Hour Film Project

Op it Noordelijk Filmfestival yn novimber yn Ljouwert binne se wer te sjen: films dy't yn twa dagen tiid makke binne. It 48 Hour Film Project giet it dan om, en hjoed is bekend wurden wa't dy films beoardiele sille. Oer dy -renomearre- sjuery sil organisator Bart Dokter it ien en oar fertelle.

Earmoede

René Koster is fan 'e middei de live-ferslachjouwer, en hy is op 'en paad nei Boalsert om stil te stean by de Ynternasjonale Dei fan de Earmoedebestriding. Koster besiket yn Boalsert de wichtige en tige goed rinnende kleanbank Goed Spul. Minsken komme hjir graach oer de flier foar nije klean, mar ek om te praten oer allerhande saken dêr't se mei te krijen hawwe. Koster praat ûnder oare mei frijwillichster Hieke Horjus, dy't al sûnt it begjin yn 2013 by Goed Spul belutsen is.

Dat, mei it lêste nijs út Fryslân en It Slotstik -hjoed oer it stoarmige hjerstwaar dat kommendewei is- yn Weistra op wei. It programma wurdt hjoed presintearre troch Eric Ennema.

René Koster by Hieke Horjus fan de kleanbank yn Boalsert

Ferslachjouwer Gerrit de Boer fertelt oer syn reis nei Nepal

René Koster praat mei besikers fan de Kleanbank Boalsert

Bart Dokter fan de organisaasje fan it 48 Hour Film Projekt

16:06 - Robert Palmer - Addicted To Love
16:14 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
16:36 - Stiet As Quo - Rocke Troch It Fryske Wald
16:49 - Marco Borsato & Lucie Silvas - Everytime I Think Of You

17:07 - Lene Marlin - Sitting Down Here
17:14 - Vangrail - Laat De Muziek Aan
17:34 - Pharrell Williams - Happy
17:43 - Linda Ronstadt - It's So Easy
17:50 - Earth & Fire - Storm And Thunder
17:55 - John Fogerty - I Can't Take It No More

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)