Weistra op wei fan 17 maaie 2016 16:00

De minsken fan de Iselmarferiening hawwe tusken de 50.000 en 70.000 euro nedich om in kontra-ekspertize út te fieren tsjin de plannen fan in wynpark yn de Iselmar by Makkum. Tsjinstanners fan it park fine dat it wynpark in soad skea feroarsaakje sil oan sawol natuer as ekonomy.

Yn Frjentsjer wurdt al dagen wurke oan de tariedings fan de pleatsing fan de brêge op it plak fan de Oosterpoortsdam. It is in grutte klus en in soad Frjentsjerters stean der dan ek op de noas by.

It belooft jûn fjoerwurk te wurden yn de riedseal fan de gemeente Smellingerlân. Want de riedsleden en de boargemaster gean in debat oan mei ferstanlik beheinden. En dy binne goed taret. Acht fan harren hawwe in kursus polityk folge en binne hielendal klear foar it debatjûn.

16:08 - Annie Lennox & Al Green - Put A Little Love In Your Heart
16:16 - James Bay - Best Fake Smile
16:40 - Jan Tekstra - De Tsjoender Fan It Wurd
16:49 - Kensington - All For Nothing
17:09 - Madonna - Vogue
17:18 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
17:36 - Supertramp - Give A Little Bit
17:45 - Marit - Libbenstier
17:50 - Beatles - Lucy In The Sky With Diamonds

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)