Weistra op wei fan 17 febrewaris 2017 16:00

Wat dogge jo, as jo sjogge dat heit of mem te âld binne om feilich achter it stjoer te stappen? Dat dilemma is aktueel wurden nei de oprop fan de man dy't syn frou en bern ferlear troch in bejaarde spûkrider. Hy wol dat famylje yngrypt, om ûngelokken foar te kommen, en ferkearsminister Schultz stipet dy oprop. Yn Weistra op wei lizze we it dilemma foar oan foarsitter Janny Eelkema fan de Stichting Friese Ouderenbonden. Moat it rydbewis en de autokaaien fan heit of mem ôfpakt wurde?

Balk hat sûnt hjoed wer in eigen VVV. Toeristen kinne tenei telâne yn it Bûterhûs. Opmerklik is dat de gearwurking socht is mei de JP van den Bentstifting, in wurk- en learbedriuw. Ferslachjouwer René Koster sjocht fan 'e middei yn it Bûterhûs.

Fierder de juridyske rubryk fan de Ljouwerter advokaat Bart Canoy, der kin wer stimd wurde op It Slotstik, en fansels it lêste Fryske nijs.

16:06 - Simple Minds - Don't You Forget About Me
16:15 - Niall Horan - This Town
16:24 - Marvin Gaye - Mercy Mercy Me
16:38 - Doelleazen (Ft. Else) - 4 Oere
16:46 - Meghan Trainor - All About That Bass
16:53 - Mariah Carey - Dreamlover
17:06 - Marc Anthony - You Sang To Me
17:15 - Jos Harteveld - Maaike
17:24 - Prince - Raspberry Beret
17:35 - Eddie Hodges - I'm Gonna Knock On Your Door
17:43 - Rag'n Bone Man - Human
17:48 - Justin Bieber - Sorry
17:52 - Manic Street Preachers - Motorcycle Emptiness

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)